Linum hat in sketsûntwerp makke foar in eksklusive filla oan de râne fan in Biltdoarp, ûntwurpen troch lautenbag Achitectuur. It ûntwerp draait om ljocht, romte, praivesy en harmonije mei it lânskip.
De filla mei allinnich ûnder wenjen liket te sweevjen. Wikseljende grutte tegelmjitten, foar in part as sweevjende trêden, begeliedt besite nei de haadyngong en de bewenners nei ferskate terrassen. It hiem kriget in ienfâldige, funksjonele ynrjochting lykas in boerehiem: kultivearre beplanting ticht by de wente en lânseigen grien mear oan de râne. Dat lêste foar praivesy, smoute en lânskiplike ynpassing.
De griene oprit komt út yn in kilefoarmige romte, dêr’t trije opfallende leibeammen referearje nei in foarriedich boerespul. Gers wurdt safolle mooglik ekstinsyf beheard en ynsiedde mei lânseigen krûdemjoksen dat in jefte bringt oan mear bioferskaat en in natuerlike útstrieling.