LINUM túnfoarmjouwing en advys is in buro foar túnûntwerp, beplantingsplan en detaillearring yn Ljouwert. LINUM ûntwerpt en sketst plannen, dy't bydrage ta it moaier meitsje fan de romte om jo wente of bedriuw hinne. It is foar LINUM in útdaging om jo winsken en ideeën te bondeljen ta in passend ynrjochtingsplan, wêr't de eigenheid fan it plak by yntakt bliuwt. LINUM bringt balâns yn ta begripen: tiidleazens en eigenheid. It funksjoneel wêzen, útstrieling, stylskaaimerken, arsjitektuer, sfear en emoasje binne mei beskiedend om ta in goed trochtochte kar te kommen foar de ynrjochting fan jo tún. De faktor 'tiid' makket de úteinlike tún.
Dizze Frysktalige side is mei mooglik makke troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân.
Mear realisearre túnûntwerpen kinne jo besjen ûnder Projekten
Be-easten Ljouwert leit it Bastioneilân, wêr’t arsjitekt Liesbeth van der Pol as ynspiraasjeboarne it Fryske lânskip by brûkt hat. De tweintich wenten út it jier 2000 openearje harren as ien gebou mei in omsletten binnentún, in nijmoadrich ‘beginehôf’ mei in omgong.
De ferriening fan eigners hat my as nije bewenner, yn 2018 frege om in renovaasjeplan stal te jaan mei klam op mear romtlike ôfwikseling en mear bloei-aksinten, dêr’t effisjint ûnderhâld net út it each ferlern wurdt.
Foar dizze lytse stedseftertún de winsk om in blêdich en skadich plak te kreëarjen, dy’t oanslút by it boujier fan ‘e wente en leafst mei safolle mooglik praivasy. Dêrnest plak foar in lytse griente- en fruittún.
De soannen fan de eigner fan dit boubedriuw hawwe it roer fan harren heit oernommen en farre no harren eigen koerts. Tagelyk hat der in grutte ferbouwing plakfûn, dêr’t de haadyngong ferpleatst is en dêrtroch in prominintere rol krigen hat. Op dy wize ûntstie foar it kompleks en apart eigen foarplein, dy’t in nijsgjirrige ynrjochting ferlangde.