Pergolatún by jierren '30 stedswente

Foar dizze lytse stedseftertún de winsk om in blêdich en skadich plak te kreëarjen, dy’t oanslút by it boujier fan ‘e wente en leafst mei safolle mooglik praivasy. Dêrnest plak foar in lytse griente- en fruittún.

 

Boartsje mei ljocht en skaad

 

It tún is rjochte op it súdwesten, wêrtroch’t it der yn ‘e simmer ûnnoflik gleon wêze kin. Troch in blêdertek fan klimmerplanten wurde de hege temperaturen timpere. Sy soargje om it samar ris te sizzen foar in ‘natuerlijke airconditioning’. Neist dy ûnderbeljochte funksje jouwe klimmerplanten in bluisterige fertikale struktuer. Se foarmje it ‘dak’ fan dit lusthôf.

De skaadrike diminsje fan ‘e tún maket it foar de bewenners noflik om bûten ta te hâlden. De begroeide pergola hâldt tagelyk, foar in grut part fan it jier, it ynsjoch tsjin út ‘e omlizzende wenten wei.

  

Skeane as

 

Om it tún fisueel grutter lykje te litten, is der keazen foar it tapassen fan in skeane asline yn de foarm fan in smelle fluorringsstripe. Dêrtroch ûntstean oanbuorjend ôfwikseljende romten dy’t tsjinje as terras, plantefak en fiver.

 

Opheine himelwetter

 

It himelwetter wurdt safolle mooglik opheind en nei in fiver ta laad. Wetter hat in ferkuoljende effekt en lûkt alderhanne eigen libbensfoarmen oan. Fan it terras ôf draagt dit by ta mear belibbing, mear bioferskaat en út in duorsum eachweid wei besjoen as wetterbekken by it earste wetterjaan.

 

Materialen

 

In punt fan omtinken is ek it oansluten fan it tún by de útstrieling fan ‘e jierren ’30 wente. Dêrom is der keazen foar in twaddehâns bakte klinkert, in houtene pergola en houten meubilêr. In part fan ‘e oanwêzige betonnene klinkerts is op ‘e nij brûkt, mar dan as steapelmuorre foar ‘e grientetún.

Foar de fiverkonstruksje is âlderwetsk dowestien brûkt, dy’t nei neigeraden de tiid begroeid rekket.

 

Beplanting

 

De tapaste beplanting is ôfstimd op in skaadrike ambiânse mei in bluisterige útstrieling. Jo sjogge yn dizze pergolatún in protte ferskate grientinten en grienstruktueren, komplimintearre mei delbêdzjende blommekleuren lykas: fiolet, pears en rôze.