Dizze earste stap is sûnder fierdere ferplichtings. Oan de hân fan in checklist sammelet LINUM jo winsken en ideeën, om sa in goed byld te krijen fan wat jo foar eagen stiet. By dat petear besjogge wy ek jo tún, om in yndruk te krijen fan de hiele lokaasje. Nei it petear ûntfange jo in offerte.
As jo akkoart gean mei de offerte, sammelet LINUM alle technyske bysûnderheden lykas de krekte ôfmjittings fan it terrein, de hichteferskillen en de (grien)eleminten dy't beholden wurde moatte, lykas bouwurken, beammen en oare beplanting. As lêste wurde foto's naam fan de lokaasje.
Om it sketsûntwerp foar jo sa helder mooglik te meitsjen wurde, wêr't dat nedich is, referinsjebylden, dwerstrochsneden en prinsipedetails taheakke. It ûntwerp wurdt by jo thús of op jo bedriuw presintearre en by jo efterlitten. Sa ha jo it moai oan tiid om it sketsûntwerp yn jo op te nimmen en jo der in byld by te foarmjen.
Dêrnei wurde feroarings en oanpassings sammele en wurdt it plan oanskerpe ta in definityf ûntwerp. De maten wurde sekuer fêststeld en ôfstimd op de ferhurdingsmaterialen dy't brûkt wurde sille. Wannear't dat nedich is, wurde detailtekeningen makke foar technyske oplossings, lykas befluorringsferbannen, treppen, fiverrânen, pergola's, sketten, muorren of in kontenerberging. Mei dy bysûnderheden kin in hôvenier in offerte foar de oanliskosten opstelle.
Yn 'e lêste faze fan it proses wurdt in nije plattegrûn makke, dêr't de plantfakken op útljochte binne en foarsjoen binne fan koades, dy't korrespondearje mei in plantelist. Op dy list stiet sekuer oanjûn hoefolle en hokker planten oft wêr plante wurde moatte. Boppedat jout LINUM ynformaasje oer, ûnder oaren, bestelmaten, úteinlike groeihichte, bloeikleur en bloeitiid. In hôvenier wit dan krekt wat der barre moat.
LINUM kin ek ûnder it trajekt oerlizze mei hôveniers of oannimmers oer de offerte, tafersjoch hâlde op it oanlizzen en de einkontrôle útfiere by de oplevering. De kosten dêrfoar (op oerebasis) kinne yn it foar net sekuer oanjûn wurde, mar eltse hanneling wurdt foarôf oerlein mei de opdrachtjouwer, sadat jo in goeie yndikaasje ha fan de bestege tiid.
LINUM kin foar eltse tún in behear- en ûnderhâldsplan opstelle. It duorret ommers in pear jier ear't in tún ta folle waaksdom kaam is. As jo tún net ûnderholden wurdt troch in hôvenier, dan kin LINUM jo begeliede yn it trajekt nei de 'folwoeksen' tún. Mei it plan witte jo krekt hokker hannelingen oft jo ferrjochtsje moatte yn de ferskillende seizoenen.
LINUM jout jo graach advys as jo sels in tún oanlizze wolle en allinnich ferlet ha fan in sketsûntwerp, of as jo mûnling advys wolle oer it ynfoljen of oanpassen fan besteande plantfakken of borders. Dat kin op it atelier fan LINUM, mar meastentiids advisearret LINUM op lokaasje. Oan de hân fan flugge sketsen wurde advizen sa helder mooglik makke. Jo wurde fan tefoaren op de hichte steld fan de kosten fan it advys.