Renovaasje nijerwetsk hôfke

Be-easten Ljouwert leit it Bastioneilân, wêr’t arsjitekt Liesbeth van der Pol as ynspiraasjeboarne it Fryske lânskip by brûkt hat. De tweintich wenten út it jier 2000 openearje harren as ien gebou mei in omsletten binnentún, in nijmoadrich ‘beginehôf’ mei in omgong.

 

De ferriening fan eigners hat my as nije bewenner, yn 2018 frege om in renovaasjeplan stal te jaan mei klam op mear romtlike ôfwikseling en mear bloei-aksinten, dêr’t effisjint ûnderhâld net út it each ferlern wurdt.  

 

It herstelûntwerp is oan de bewenners presintearre, mei as doel de útfiering te realisearjen en trije fazen. Hjiroer is stimd.

 

In nijerwetsk ‘beginehôf

 

De basisgrienstruktuer yn it hôf, besteande út rju hagen, pylder- en bolbeammen wie al oanwêzich mar ûnderfûnen hinder fan konkurearjende beplantingen. Boppedat waard it ovale plein, fuort om de sinytrale plataanbeam hinne, net of amper brûkt. It tún rekke stadichoan slytsker en it ûnderhâld bestie út tydlike yngripen, sûnder in klear einbyld.

 

Earste faze

 

Yn it sintrale diel binne alle betonklinkerts fuorthelle en foar in part ferkoft. De klinkerts dy’t oerblaun binne, binne op ‘e nij brûkt as ovaalfoarmich túnpaad mei oan de binnenkant nije túnborders en oan de bûtenkant de ‘skipfoarmige’ hage. Dêrneist binne de klinkerts brûkt yn in oploege rûne sitbank, dêr’t wylde plantsjes yn waakse meie. Yn dizze sintrale túnkeamer hawwe se op ferskate tiden ‘iepenloft-oerlis’ (sikersonk ûnder de koaroana-epidemy) of de organisaasje fan ús jierlikse ‘Hap en Snap’. Mar elk kin ek rêstich allinich genietsje fan de nije fêsteplanteborders.

 

Twadde faze

 

Hjirby binne alle fersakke stikken tún, op de hichte fan de lange siden fan it hôfke, ophege en foarsjoen fan nije plantefakken mei opslútrannen fan corten-stiel. Om alle laurierhagen binne dy rânen ek oanbrocht. Op dize wize behâldt men in strak ôffrede stik gers en dúdliek plantefakrânen. Dy laurierhagen binne no, sjoen fan de bûtenside ôf rjochting it midden fan ‘e tún, skean oprinnend knipt foar mear fisueel dynamyk.

 

Faze trije

 

De lêste faze kriget dizze maaitiid syn beslach. Lykas it foarste túnpart, tichtby de ienige tagongspoarte fan it hôfke as it skaadrike efterpart, wurde fan nije blommeborders foarsjoen ôfwiksele mei solitêre heesters en strûken. Hjir wurde de plantefakken ek foarsjoen fan corten-stielen opslútrânen. Mei de kar út beplanting wurdt de klam lein op winterblomkjende soarten, om’t it túnbelibjen yn dy tiid fan ’t jier mear plakfynt út de ‘rûngong’ wei.

 

Gearfetsjend kriget it ‘beginehôfke’ nei de renovaasjemear mear kleur en dynamyk, wêr’t yn de ferskate túnkeamers de bewenners de mooglikheid krije om yn it fermidden fan it lommerrike grien tahâlde te kinne, mei deunby in ôfwikseljende borders.