Nije hiemside en nij byldmerk foar Linum túnfoarmjouwing en advys

Ofrûne freed 11 desimber wie in heuchlike dei, de nije hiemside www.linum.nl is lansearre. De âlde foldie net mear oan de hjoeddeistige easken, om’t in hiemside njonken it kompjûterskerm ek goed lêsber wêze moat –fia it saneamde ‘responsive design’- op bygelyks it skermke fan jins mobile telefoan en I-pad. De nije side is oersichtlik foarmjûn troch Netsupport fan Ljouwert. Tagelyk hat Linum in nij byldmerk krigen, ienfâldich mei mear útstrieling.

 

Op ús ‘eigen hiem’ is regelmjittich nijs te lêzen oer resinte projekten fan Linum en oare ûnderwerpen út ‘e wrâld fan de túnfoarmjouwing. Dêrneist kinne jo ús folgjen bliuwe op facebook troch it bekende symboal oan te klikken.
Folle lêsnocht!