Linum stiet wer op Huis&Tuin beurs WTC Ljouwert, 5-9 maart

Linum túnfoarmjouwing en advys hat foar hôveniersbedriuw van Tuinen Túnsurvis (www.vantuinen.nl)  in paviljoen foarmjûn fan 6x6 meter, dêr’t 2 noviteiten by yntegrearre binne.

  1. In muorre fan saneamde ‘Grienewandblokken fan F2 Facade bv’. In selsdragende muorre dy’t op de beurs ynplante is mei ferskate fêste planten en siergerzen. Fertikaal túnkjen, alhiel pasjend yn de hjoeddeistige tiid fan it mear ‘grienbewitten’ fan minsken.
  2. In moderne gersbetontegel ‘Virage’ fan Marlux, dy’t brûkt wurde kin yn túnpaden, yn in natuerlik terras mar ek yn parkearplakken. It lit reinwetter maklik troch en it foarkomt de faak oerdiminsjonearre stienige oerflakken yn in tún. Foarsjoen fan gers kin men der gewoan oerhinne meane. Mar men kin út soarte ek kieze foar oare berinbere boaiembedekkers.    
Fan 5-9 maart wolle wy jo graach wolkom hjitte yn ús stend mei nr. 4115, WTC Ljouwert.