entree Hortus Conclusus

Sjotún ’Hortus conclusus’ op Huis&Tuin 2014

Tongersdei 27 febrewaris is het safier. Fjouwer dagen lang túnbeurs yn it World Trade Centre (WTC) te Ljouwert. In protte hôveniers sille wer alle war dwaan om yn tige koarte tiid in folsleine tún te realisearjen. Dêrmei profilearje se harren bedriuw oan de tsientûzenen besikers, dy’t hjir jierliks op ta komme.

Linum túnfoarmjouwing en advys hat foar hôveniersbedriuw van Tuinen túnsurvis in sjotún ûntwurpen dy’t basearre is op de midsieuwen. It hjit fan Hortus conclusus, de omsletten tún. In ynbannige tún dy’t as in ‘feilige haven’ tsjinnet en sa kweade wrâld op distânsje hâldt.

Fia in ‘kapel’ yn de foarm fan in paviljoen komt men der yn. Dêrnei kin men kieze foar in presintaasjeromte fan firma van Tuinen en Linum, of men nimt de kar en nim fuortdaliks de wei troch de pyldergong. Hjirút wei hat men it sicht op de smûke binnentún. In kontemplatyf plak, dêr’t men rêstich it betreklik-wêzen fan it libben oertinke kin, in filosofysk boek lêze kin of efkes flechtsje út de droktmen fan alle den dei. De haadopset is ôflaad fan in kleastertún mei bygelyks in pyldergong, in wetterboarne (symboal fan it libben), in seadebank en planten mei swietroken. In tún as rêstpunt yn in ûnwisse koartsige tiid.

 

Linum wol jo fan herte wolkom hjitte!

Huis&Tuin fan tongersdei 27 febr. o/m snein 2 maart 2014

 

Hortus conclusus


De earste gedachte is rûn.
Tún is de houten ôffreding
oprjochte om de smjuntige
wrâld derbûten op ôfstân


te hâlden: woastenij, rôvers
dûvelskrûd. De barre grûn
ploege, út de hege boarne
wetter omleech leid
foar leeljes, akkeleien, fonteinen.


Midsieuwen genôch
Foar in mooglik punt yn ‘e tiid
wêr’t men hjir op ferskine kin  
iens begrienje moarn ier.
 

 

Willem van Toorn

 

waterbronkloostergangweelderige beplantingeningetogen ruimtewater bron van levengegalvaniseerde waterbakmoderne waterbak in klassieke tuinkloosterbanktufsteen