Bedriuwstún te Boalsert
3 july 2014,
Foar dizze tún hat Linum yn maaie 2012 in renovaasje-ûntwerp makke, wêrfan de oanlis novimber 2012 útein sette. Foar de oanlis liet de grûnwetterhúshâlding gâns te winskjen oer, wêrtroch beplanting en it gers him min ûntjoech. De romtlike yndieling wie soksoartich dat de nijsgjirrigens om it tún eefkes yn te gean ûntbriek. It tún sleat net mear as in ‘waarme jas’ om de bewenners hinne.
No binne wy 2 groeiseizoenen fierder nei de oanlis. As ûntwerper is it jimmeroan spannend om te skôgjen hoe’t it lân der no hinne leit. Sjoch ûndersteande foto’s dy’t ik begjin jûly makke haw. As ûntwerper bin ik tige ynnommen oer hoe’t it tún him yn ûntoen hat. Gjin wetterswierrichheden mear allinnich is hjir en dêr bystjoering nedich yn de opbou fan it blommetún. Yn de gong nei syn folwoeksenens bliuwe wy hjir it each hjir op hâlden. It meast wichtichste, de bewenners binne fernoege en sitte no graach wer yn it tún.