beplantingsplan

Ynspirearjende bollen, ris wat oars

Wannear’t wy tinke oan maaitiids bolleguod, dan sjogge wy bylden fan doe’t wy lyts wiene foar ús. Skarlekkenreade tulpen by it paadsje lâns nei de yndoar fan pake en beppe, ivige giele titelroazen (narcis) yn steile boskjes yn ‘e bleek en blaukraaltsjes (blauwedruifjes) yn rychjes oan de râne fan in blommeperk. Der hinget foar in protte túnbesitters in swym fan ‘alear’ oerhinne. Dat is hjoed-de-dei wol oars. Bollen binne krekt jong en dynamysk en gean mar harren tiid mei.

 

Hokkerlêsten brocht de túnûntwerper in besite oan de Keukenhof en rekke ynspirearre troch de bysûndere kombinaasjes. Troch nijsgjirrige beplantingsplannen wurde se betsjoenend oan de besiker etalearre. Underoaren ek soarten dy’t hast gjin ûnderhâld nedich hawwe, gaadlik ferwylderje kinne yn de mear ekstinsive parten fan it tún. Bollen binne wolkomme kleuraksinten dy’t ús blier meitsje yn in seizoen dêr’t oare túnplanten noch yn ‘e slomme lizze. Ik help jo graach by it opstellen fan een nij bolleplan dizze simmer. Want fan ’t hjerst moatte se al wer de grûn yn!

 

bloembollenplantuinontwerptuinvormgevingtuinarchitectuur Linum