Farske krûden foar oer ’t iten, om tee fan de trekken of as swietrookpûdsje hingjend yn kast of ’t húske. Linum ealget jimmeroan dat opdrachtjouwers in plak yn it tún winskje foar krûden. Elts krûd hat lykwols syn eigen spesifike (genêskrêftige)wurking en groei-omstannigens. Wêr kin men dat better oanskôgje as yn ‘De Kruidhof’ yn Bûtenpost.
Hjir sjocht men in nijsgjirrich lustoarde, tagelyk erkend museum foar elts dy’t fan (genêskrêftige)krûden en nijsgjirrige fruitrassen hâldt. Begûn yn de jierren ’30 mei in proeftún foar fruit en griente. Letter kamen der krûden by. De Ryksuniversiteit Grins die fan de jierren ’50 ôf in protte ûndersyk nei de genêskreftige wurking fan alle planten en joech stipe by de ynrjochting fan ‘de Geneeskruidentuin’.
Op de ôfdieling ferkeap fan De Kruidhof kin men kar meitsje út folle en net genôch soarten heilsume planten. Wichtich dêrby is it plak dêr’t jo se plantsje wolle, foar hokker brûkme en de krekte oantallen. Of, dat kin ek, gewoan kombinearje mei oare sierplanten yn in border. Linum wol jo der graach by advisearje.