ontwerp van Gogh plein

Tún om it van Gogh Museum hinne

Linum hat hjoed op it ‘Ontwerp Instituut’ yn Apeldoarn de einpresintaasje jûn fan in fiktive opdracht. Untwerp in tún om de nije útwreiding fan it van Gogh Museum hinne yn Amsterdam. Dy útwreiding, yn de foarm fan in ellips, is foarmjûn troch de Japanske arsjitekt Kisho Kurokawa (1934-2007) en stiet yn it museumplein.

 

Op it ‘Ontwerp Instituut’ wurde kursussen jûn om oan it kreative en artsitike aspekt fan it (tún)ûntwerpen te wurkjen, dat eltsenien sa unyk en bysûnder makket. Nije tunen skeppe freget jimmer om nije kennis en nije ynspirearjende yngongen. It sjen nei en it ynterpretearjen fan (abstrakte) keunst foarmet dêrby in wichtich ûnderdiel.

 

It plan fan Linum bestiet út twa teraande tiidsperioaden fan keunstskilder Vincent van Gogh (1853-1890). Syn perioade yn Nederlân en dy yn Frankryk. Syn Nederlânske troch it tapassen fan de reabrún betûke stobbewylgen (Knotwilg Salix alba ‘Chermesina’) en streken fan kleurich glasearre bakstien, dy’t syn disruptive wize fan pinsielstreekjen op it doek ferbyldet. Syn Frânske tiid troch brûkme fan balstientsjes en sederbeammen (Wierrookseder, Callocedrus decurrens). Op lange slingerbanken tusken en om dy twa beamtypen hinne, kinne besikers fan it museum yn harren delgean litte wat men krekt sjoen hat of prate mei oare museumpleinbesikers. Op dy wize ferbynt de slingerbank net allinnich minsken, mar ek de twa perioaden binnen de persoan van Gogh.

 huidige situatie van Goghoverzichtstekening museumpleinsituatie plek slingerbankslingerbankimpressie hoofdingang van Gogh museumbestratingdetailimpressie dwarsdoorsnededoorsnede tuin Linumgetuigschrift cursus