Wêr’t men de nijbouwwyk Suderbuorren yn Ljouwert ferlit en it doarp Tearns oandocht, leit krekt foar de kombuorden lofts in boerehiem. De eardere stjelp wie yn in te minne kondysje foar renovaasje en is ôfbrutsen. Foar Linum de opdracht om foar in nije moderne wente in túnûntwerp te meitsjen, rekken hâldend mei de ‘geast fan it plak’.
Yn it sketsûntwerp is de foarmjouwing fuort om de wente hinne ienfâldich en strak, neigeraden de hiemgrinzen organysk, ôffrûne en riker oan beplanting om in mjitte fan beslettenheid te kreëarjen. Beskôgje se as griene kûlizen. Ut de wente wei stekke trochtochte sichtlinen (saneamde ‘poezesnoarhierren’) troch de beplanting hinne om fisueel kontakt mei doarp en omjouwing te halden.
De oprit is funksjoneel en rom om sa goed manoeuvrearje te kinnen. Paden as ferbinend elemint tusken wente, ynstekhaven en it sinnepanielefjild. Dêrfoar wurde bgl. deeglike betonplaten foarsteld, dy’t men notiids safolle tsjinkomt op boerehiemen. Lykas wenst op boerehiemen is in ferfining yn foarmjouwing en beplanting fuort om de wente hinne. Neigeraden fierder it hiem op ekstinsiver mei romte foar pouzze en dridze, blomryk gers en lânseigen fûgelboskjes. De solitêre manske beammen binne ynpast en jouwe fuort lykwicht mei de massa fan de nije wente. Dit daaldersk plakje bliuwt syn griene útstrieling halden. Wol mei de arsjitektuer fan no, dochs yn it skaadrike fan doedestiids.