tuinvormgeving

Bysûndere foartún Ljouwert klear

In nijsgjirrich túnûntwerp fan Linum, oan ien fan de steatlikste diken yn Ljouwert, de Spanjaardsleane, is hast klear. De foarmjouwing fan 'e foartún wurdt beskaat troch trije mei grien omjûne bolfoarmige ovalen. Dat as ferwizing nei de boljende grêf-ekers op it hôf fan túnarsjitekt Lucas Pieter Roodbaard silger (1782-1851), dy’t rjocht foaroer leit. Dêrneist referearje se oan de trije terpen, dêr’t Ljouwert ea út ûntstien is: Oldehove, Nijehove en Hoek. Se wurde trochsnijt mei in ferhege ‘blokkepaad’, dy’t de sichtas beklammet rjochting it Rengerspark skean foaroer. De beplanting pasjend yn ‘e sjike ambiânse dêrûnder in protte wintergrien.

 

stadstuinvormgeversmeedijzer hekwerkgebakken waalformaatblokkenpadschaduwplantenbijzondere tuinontwerpenovaaltuin