tuinontwerp

Sprengenprojekt Apeldoarn

Linum hat op 11 july mei njoggen oare túnûntwerpers út hiel Nederlân wei, in einpresintaasje holden fan in beplantingsplan foar tsien blommetunen yn it iepenbier tagonklike Sprengenpark yn Apeldoarn. It doel is dat fan ’t hjerst alle tsien blommeperken, ferspraat troch it park hinne oanlein wurde.

It programma fan easken dêrfoar is opsteld troch ien fan de meast ferneamde túnûntwerpster fan Nederlân Jacqueline van der Kloet, dy’t ek de superfyzje hat. Linum hie de ear om in read-oranjekleurjende border stal te jaan en hat dêrfoar it tema ‘WYNSK’ betocht. Dat hat ferbân mei de skelflutsen struktuer.

Letter dit jier mear oer dit nijsgjirrich inisjatyf.

Sprengenparkontwerp borderrood-oranjeborderbeplantingsplan Linumbollenplan