Midden yn ‘e stêd Weinheim yn baden leit it besjochtún Hermannshof ta fuortsterkjen fan it túnkultuer. Ien fan de meast foaroprinnende tunen yn Dútslân. Yn dizze parkeftige tún kin men genietsje fan mar leafst 2500 soarten bollen, fêste blommen, siergerzen en nijsgjirrige strûken en beammen. Hjir fynt ûndersyk plak nei goede duorsume plantesoarten dy’t in bytsje ûnderhâldt nimme en goed mei-inoar kombinearje.
Dat bart ûnder differinte omstannigens en yn ferskate jiertiden. Dêrtroch is in unike styl ûntstean dy’t in protte túnfoarmjouwers, wêrûnder de skriuwer fan dit stik, út alderhande lannen ynspirearje. Benammen yn ‘e neisimmer falt te genietsjen fan folle blomkjende siergerzen yn kombinaasje mei fêste blommen, hokke in prêrjesfear oproppe. It is in besite perfoarst wurdich.