It idee fan Linum, foar in multifunksjonele abri te Hitsum, is troch de faksjuery ferkeazen ta meast oansprekkend ûntwerp. Mei de werynrjochting fan de haadwei troch dit doarp hinne, foarmet in nijsgjirrige abri it slútstik.
‘It Hemmemastee’ ferwiist nei boer Rienck Hemmema, dy’t libbe yn ‘e 16e iuw en ferneamd wurden is troch it bewarre rekkenboek oer de perioade 1569-1573. Dat boek jout ynsjoch yn it libben fan de boer dy’t doe al grutskalich en kommersjeel buorke. De sjuery wurdearre de ynstek fan in twadieling en it ynpasjen yn de omjouwing. In transparant achthokje ûnder byntwurk dat referearret nei pleats en it plak, dêrneist in bûtenpart mei ynformaasjepylder oer de kalkulearjende boer.
Ankomme tiid wurdt fierder wurke oan detaillearring en de helberheid.