tuinbrug

Moderne brêge pleatst

Yn in túnrenovaasjeprojekt by in villa te Nijtsjerk hawwe wy okkerdeis in moderne brêge pleatst. Dy brêge biedt in ferkoarte kuierrûte oan tusken 2 fivers dy’t mei-inoar ferbûn binne troch in smel streamke.

De âlde houtene brêge wie konstruktyf ûnbetrouber en paste wat útstrieling oanbelanget net yn ‘t nije plan.

Linum hat prinsipeskets makke en boubedriuw Johan Stallmann fan Hylpen wie ferantwurdlik foar konstruksje en útfiering. De nije brêge is duorsum, ûnderhâldsearm en is in perfekte balâns tusken hout en stiel.

In eyecatcher dy’t útnûget om efkes nei ta te kuierjen.

vervallen brugbrugontwerpbrughoofdenlandschappelijke villatuintuin bij villa