Covergreen

Covergreen-matten oanbrocht!

Juster is yn it villatún te Nijtsjerk de steile falling bedutsen mei Covergreen-matten fan Vinca minor (frisselgrien). Dy foarkweekte matten binne al folslein trochwoartele en komme eroazje foar fan it grûnoerflak fan de falling rjochting it ferdjippe terras op keldernivo. Dêrneist jouwe se in blomaksint yn ‘e maaitiid.

 

Om’t it grûnlichem gjin natuerlike ferbining hat mei oanbuorjende grûn en dêrtroch gjin grûnwtter ûntfangt, it leit nammentlik folslein ôfsûnderlik yn in betonnene bak, is in wetterdroppelsysteem needsaaklik. Wiswier by drûge riten. De matten binne ûnderhâldsearm en jouwe fuort in folwoeksen einbyld.

erosievillatuin Linumoplossing schuine hellingschuine hellingtuininrichting Leeuwardentuinontwerp Friesland