cottage-garden

Great Dixter House & Garden

As jo as túnleafhawwer prodisjeus ynspirearre wurde wolle is Great Dixter yn Northiam, East Sussex Grut-Brittanje, perfoarst in besite wurdich. Dizze lustoarde is fan de ferneamde lânskipsarsjitekt Christopher Lloyd (1921-2006). It cottage-hûs, dat datearret út de 14e iu, waard oankocht troch Christopher syn âlden yn 1910. De wolferneamde Ingelske túnarsjitekt Edwin Lutyens (1869-1944) waard ynhierd om te advisearjen en te begelieden by de útwreiding fan de wente en om struktuer oan te bringen yn it tún.

 

Al kuierjend komt men troch ferskate túnkeamers hinne, dy’t jin herheljend ferwûnderje troch gehiel eigen sfearen. Bygelyks de ‘Long Border’, in skepping fan Christopher Lloyd, it bewiis fan syn fakmanskip. Fierders hawwe wy ûnderoaren: de "Walled Garden", “de Exotic Garden", de "High Garden", ‘de Topiary Lawn’ mei skearde taksis-silhûetten en in nijsgjirrige ‘Sunk Garden’. Ik kin jo fersekerje dat meidertiid, jo fototastel ‘gleonread’ wurden is.

weelderige borderlandelijke trappartijenbeplantingsplan Linumkunstzinnige borderlange bordersmeadowsdieptetuinenmediterrane tuin