slakkenoverlast

Slakken en Hosta's

Wannear’t ik yn in beplantingsplan Hosta’s (hertleelje) foarstel, komt steefêst de opmerking; ‘Dêr komme slakken op ôf!’ De measte Hosta’s stean graach op de menukaart fan slakken. Slakken dêrfoaroer stean weer op de menukaart fan stikelbargen, fûgels, kikkerts en podden.

Besykje dêrom earst safolle mooglik romte en of briedplak te creëarjen foar syn natuerlike fijannen. Slagget dat net, dan soe njonken bygelyks slakkeringen (koper), parasitêre ynsekten, slakkefallen, skelpen, kakaodoppen, gewoan skieppewol in mooglike oplossing wêze. Foarbyld op foto komt út in tún yn Ingelân.

It wol nimt it slakkeslym op en de slak bliuwt stykjen en kin net fierder de plant op. Sa kin men se ienfâldich weinimme.

 

Brûk nea gemyske middels! Dat fergiftiget de hiele feedselkeatling fan de slak.

slakkenprobleem