pottenborder Great Dixter

De potteborder

Túnkje yn potten; sa kin men dit ienfâldich neame. Yn alle tunen grut of lyts is wol in plak te finen dêr’t men dit tapasse kin. Njonken it terras, in tsjuster stiennich plakje of krekt opfallend by foar- of efterdoar. It foardiel is dan men potten, bakken of kupen jimmeroan ferpleatse kinne.

Is de plant of kombinaasje op syn moaist, dan joust se in opfallend plak foaroan. Is it blomkjen dien, dan fersetst se nei in ûnopfallend plak efteroan of se fernije troch se yn te plantsjen mei bygelyks ienjierrigen of mei wintergriene soarten.

 

Op dy wize kin men alle jierren, of sa’t jo wolle alle seizoenen, jin eigen komposysje skeppe en etalearje yn kleur, tekstuer en sfear. Tink der wol om, om foarôf de krekte ynhâld fan in pot ôf te stimmen op it woartelstelsel fan de oanbelangjende beplanting dy’t der yn komt.

 

Sukses!

bloempotten combinerenformele pottenbordertextuur combineren