Untwerpopjefte
Yn it foarjier fan 2018 waard Linum frege mei te tinken oer in nijsgjirrige ABRI yn it doarp Hitsum. In ABRI is in iepenbier wachthûske dy’t net ôfsletten hoecht te wurden. Dizze ABRI neamd ’t Hemmemastee, hat de funksje fan oan ‘e iene kant in wachtromte foar de bus en oan ‘e oare kant in oerkape ynformaasje-attinsjepunt oer de 16e -iuwske boer Rienck Hemmema.
Dy midsiuwske boer hie efkes fierderop syn pleats en is ferneamd wurden fanwege syn goed bewarre bleaune kasboek. Sa hold er syn kosten, opbringsten en deistige wurksumheden sekuer by, itjinge ús no in nijsgjirrich bedriuwsekonomysk ynsjoch ferskaft yn de tiid tusken 1569 en 1573.
Fan alle seis oan it doarp presintearre ABRI’s, keas de faksjuery it idee fan Linum. Dêrnei is it foarstel fierder útwurke, is der sjoen nei oft it boukundich te dwaan wie en oft it past binnen it reservearre budzjet.
Dat resultearre yn in rite konstruktive ferynfâldigings en oanpassings, dêr’t spesjale fakkennis fan tredden by oanlutsen is. Dy binne, neist ek de jildlike stipers, ûnderoan de ynformaasjepylder neamd. De trochgeande dyksfernijing Hitsum sil yn net al te lange tiid syn beslach krije, wêr’t ’t Hemmemastee it slútstik by is. Linum kin weromsjen op in aventoerlike opdracht.
Taljochting ûntwerp
It stee is yn dizze opsje is opspjalte yn twa parten: 1. It wachthúske en 2. It ynformatieve part oan ‘e bûtenkant.
It wachthúske bestiet út in ribbekast fan liere-byntbalken, dy’t neigeraden de efterside heger wurde mar yn de wiidte smeller. Mei as gefolgen dat it omtinken lûtsen wurdt nei in yn cortenstiel útsparre rûn finster (patriispoarte). Fan dêr út wei hat men útsjoch nei de ikkers, dêr’t Hemmema yn ‘e midsiuwen buorke hat. Yn dizze ribbekast, de wachtromte, kin men út 'e wyn wachtsje, om’t de romten tusken de byntbalken beglêst wurdt. It is in ljochte en transparante romte mei in neutrale betonflier.
Yn it bûten part wurdt ynformaasje oer Rienck Hemmema ferdútst op in grutte ynformaasjepylder, dy’t tagelyk de dakkonstruksje skoarret. Tafallige foarbygongers kinne har efkes deljaan op ien fan de sitpoefen fan prommehout en yn ‘e kunde komme mei nr. 14 fan “De kanon fan de Fryske skiednis” de kalkulearjende boer fan Hitsum. Om dizze romte mear klam te jaan bestiet de flier út in bakte klinkertfluorring.
De beidegearre parten wurde bedutsen ûnder in oprinnend gerstek foar in freonlike oansjen en in gaadlike ynpassing yn dit rurale lânskip. Dêrop kinne sinnepanielen lein wurde om op in duorsume wize letlampkes baarne te litten. Dy sille it Hemmemastee by tsjusterte riedseleftich oanljochtsje.