De NTs (Nederlandse Tuinenstichting) hat dizze maaitiid in priisfraach útskreaum titele: ‘Je eigen voortuin’. Dêrfoar koe men op syn meast trije foto’s ynstjoere foar de folgjende ûnderdielen: 1. oersicht fan it tún, 2. ûnderdiel fan it tún en 3. In makrofoto.
Foar de kategory ‘ûnderdiel fan it tún’, hat dizze foto de bêste wurdearring krigen út mar leafst 107 ynstjoerings. It giet oer in part fan de maaitiidsborder fan ús samlike binnentún; neamd ‘it Wielendwingerhofke’. Dizze plantefakken, fan de tekentafel van Linum, binne yn ‘e maaitiid fan 2019 ynplante en yn de hjerst dêrop rynsk foarsjoen fan in bolle-en knollemingsel. Dat resultearre op 20 april 2020 ta dizze winnende foto, makke troch bewenner Frans Andringa.
De priis; it boek ‘Hypernatuur’. Planten met het oog op de toekomst fan Cor van Gelderen en Wouter van der Tol. Tige tank!