Hjerstbeurt; besinne ear’t jo begjinne!

Guon túnbesitters hâlde fan in tún, dy’t der it hiele jier kreas en himmel by leit. Sy of harren hôveniers binne op dit stuit grif drok dwaande om alle hjerstblêden byelkoar te swyljen, de lêste gerskantsjes te stekken en de ôfstoarne plantedielen ôf te knippen. Hjerstbeurten wurde no rûnom oanbean.

 

Mar men kin der ek mei wachtsje en doch dy túnkreweien pas nei de lêste nachtfroastriten yn febrewaris of sels maart takomjier. Dy laach deade organyske planteresten en blêden hoedzje planten en bolgewassen foar strenge froast en foarmje de nedige fruchtbere kompost foar it nije groeiseizoen. Troch fêste planten en siergerzen net fuort ôf te knippen hat men kâns op prachtige mankelike winterbylden wannear’t der in laagje snie of ryp oerhinne leit. Besinne ear’t jo begjinne!