scoriabricks

Oanlis tún Tsjettelhûs yn folle gong

Op dit stuit binne de hôveniers fan van Tuinen Túnsurvis fan Berltsum warber mei de oanlis fan in tún, foarmjûn troch Linum. It tún leit op in daaldersk plakje, nammentlik by it Tsjettelhûs en de markante skoarstienpiip yn it doarp Easterlittens.

 

It tún kriget in yndustrieel karakter. Sa is der brûkme makke fan corten-stiel dat in roastkleur kriget, bakte klinkerts en saneamde ‘Scoriabricks’. ‘Scoria betsjut Gryksk foar ‘oerbliuwsels’, dat ‘slakken’ binne út eardere izerfabriken. Dy ‘slakken’ waarden yn smolten foarm fia mallen as glazuerlaach oanbrocht op (bakte) klinkerts. Se wurde sûnt 1972 al net mear makke.


By de foarmjouwing fan ‘e tún is wurke mei in kombinaasje fan rûne en rjochte paden, dat ferwiist nei it ‘yndustrieel rêdwurk’ en de skoarstienpiip. Dy fisueel rûngeande bewegings jouwe it tún in dynamysk ynboarst. De ferhege flonder mei oprin is yn 2020 realisearre. Dêrby is brûkme makke fan in duorsum houtkomposyt. De dekdielen binne mei klips fêstmakke. 

cortenstaaltraptuinontwerp linumAtmosphere Sao PauloSilvadecvlonder hellingstapstenenLinum beplantingsplanindustrieel erfgoedronde terrassen