Hôveniersbedriuw van Tuinen túnsurvis fan Berltsum is dizze wike úteinsetten mei de oanlis fan it terrein efter it Valckeniershûs, dat leit oan de deftige Haadstrjitte yn Frjentsjer.
Dizze saneamde prefesterwente is in Ryksmonument (1662) en doedestiids boud foar dûmny Johannes Valckenier, dy’t heechlearaar teology wie oan de universiteit fan Frjentsjer fan 1654 oant 1668. It pân is foaricht jier ferboud ta fiif apparteminten.
Linum hat it túnûntwerp fersoarge. It wurdt in samlike tún yn in historyske ambiânse en ynspirearre op de Martenatún, dy’t tichteby leit.