Linum hat foar ‘Tuin, - klus en dienstverleningsbedrijf Erik de Vries, ‘Vlug en precies’’ fan Aldtsjerk in sjotún foarmjûn. De Vries keapet syn fluorringsmaterialen yn by ‘Steenhandel en Bestratingsbedrijf’ Boonstra yn Noardburgum.
Op dit romme bedriuwsterrein kinne hôveniersbedriuwen har spesialiteit profilearje mei in eigen sjotún.
As útgongspunt fan ús ynrjochting foarmet it lúkse túnhûs, spesjaliteit fan De Vries. It is ûnder in hoeke pleatst wêrtroch ûntwerpend ôfwikseljende sub-romten ûntstean. De twa ferhege cortenstielene bakken, materiaal dêr’t wy graach mei wurkje, binne ynplante mei in griemmank oan plantesoarten mei ôfwikseljende blêdtekstueren en dy’t ynspylje op de roastkleur fan it corten.
De rest fan de oanklaaiïng is ienfâldich holden mei bûkehagen en in trochsichtich sket; oan de foarside versêfte mei mânselhege siergerzen. Dat lêste om beslettenheid te kreëren en foar de potinsjele besiker in nûgjend effekt.
Op twadde peaskedei is de tradisjonele ôftraap foar in nij túnseizoen by firma Boonstra.
Foar adresfeiten: www.steenhandelboonstra.nl
Jo binne fan herte wolkom!