tuinkunst

‘Shody do Sint-Jabik’ (betsjut; Stairway to Sint-Jabik)

In spesjaal stilearre roastfrijstielene ljedder foar in Poalske famylje yn Frjentsjer is hokkerlêsten oanbrocht troch it bedriuw ‘Mannen van Staal’ fan Ljouwert. Sy hawwe in sketsmjittige ympresje fan Linum fierder útdetaillearre.

It keunstwurk ferwiist nei it berop fan de opdrachtjouwer, dy’t foar harren berop treppen meitsje yn alderhanne foarmen en mjitten. By in túnrenovaasje yn dielen woenen se eat nijsgjirrichs.

 

De 230 kg. Swiere trep is lizzend situearre mei it ûnderein sekuer ynfreesd yn in ferhege plantenbakrâne fan palissadeblokken, sadat it der sterk mei ferbûn is. Dêrnei rint it justjes bûgd omheech om te einjen oant krekt oer de plantebakrâne hinne.

 

Yn it lêste segmint stiet in wetterelemint yn de foarm fan in spegelbol, dêr’t wetter útkomt. Ytjinge is in ferwizing nei it stribjen nei in foarm fan ‘folsleinens’ dy’t allinnich mei bloed, swit en treannen berikt wurde kin. Of dochs nea en te ninter? 

 

Tusken de ôfsûnderlike ‘trêden’ yn dy’t neigeraden de ein jimmer smeller wurde, komme ôfrûne grintstiennen saneamde ‘cobra pebbles’. Se begjinne yn in ljochtere kleur en neigeraden it lêste segmint donkerder. Dat om djipte te keëarjen en de bol te beklamjen.

 

Oan wjerskanten fan it keunstwurk yn ‘e plantebak komme boaiembedekkers en mearstammige beamkes.

kunst in tuintuinaanleghoveniersbedrijf van tuinentuinschetsen Linumvervoer kunstwerkentuinontwerp Linum