Hokkerlêsten is it túnrenovaasje foar in iengesinswente yn Ljouwert oplevere. Hjirfoar hat Linum it túnûntwerp makke.
De hierder hie as winsk in net standert (arbeiders)tún mei in spannende foarmjouwing. Neist it neamde foldwaande sitromte en genôch manoeuvreerromte foar fyts en kliko’s. Dat alles binnen in beheind budzjet.
Yn it ûntwerp binne trije kromme linen te sjen dy’t de rinrûtes byldzjend begeliede. Se foarmje tagelyk in kontrast mei de hoekichheid fan de brûkte fluorringseleminten. Dêrtroch ûntstiet in mjitte fan boartlikens. ‘Rûn fersus rjocht’ hâldt jins each yn ‘e besnijing.
Dy bûgde linen wurde jitris fersterke troch de ferhege opslútrannen fan corten-stiel. Dêrtroch komme de plantefakken justjes heger te lizzen as it oanwêzige fluorringsoerflak. De twaddehâns tegels wurde ûnderbrutsen mei stripen fan bakte klinkerts, dy’t yn it ferlingde lizze fan ‘e foargevel en it tegeloerflak ritmysk en fisueel ûnderbrekke.
Om binnen it budzjet te bliuwen binne de oanwêzige stoepetegels, de balstiennen en inkele stapstiennen op ‘e nij brûkt. De stoepetegels binne oanfolle mei twaddehâns eksimplaren. Se binne mei doel selektearre op harren ûneffen en slytsk oerflak.
Koartkriemd; in tún mei in net sljochtwei komposysje en brûkme fan materialen dy’t earlik en waarm neifiele.