Yn Snits is hokkerlêsten in nijsgjirrich prieel iepene dêr’t Linum ‘skepper en skriuwer’ fan is. It bouwurk is gearstald út in komplisearre stielene konstruksje, omklaaid mei duorsum Accoya-hout en foarsjoen fan in koperen tek.
Nei oanlieding fan inkele sketsen en ympresjes fan Linum, hat it bedriuw ‘Mannen van Staal’ fan Ljouwert de konstruksje útwurke en útfierd. Hôvenier van Tuinen tuinservice fan Berltsum foarsoarge it houtwurk.
De rune oanbou yn de gevel fan de wente dy’t mei koper beklaaid is, tsjinne as ynspiraasjeboarne. It plak yn ‘e tún hat ek de rûne komposysje beskaat, nammentlik dat it yntegrearre wurde moast mei in oanwêzige prieelbjirk. Dy beam mei mei syn fine delgeande takkestruktuer jout it prieel syn romantysk ferhoalen karakter. It objekt en de beam binne ta ienheid smeid.
In unyk prieel dy’t allinnich past yn dizze tún, op dit plak.