Yn 2002 is de eardere hurddraversbaan yn Drachten op 'e nij ynrjochte ta
Parkwijck De Singels. Dy nijbouwyk hie in lanlike foarbyldfunksje foar it
tapassen fan ekology yn de stêd en foar de takomstige ynrjochting fan
stedsgebiet. It konsept foar de partikuliere tunen stie dêrom fêst.
'Blêdryk', 'blomryk' en 'wielderich' wiene kearnbegripen foar de
ynrjochting.
Blêdryk karakter
De effisjinte rûte nei de hege entree fan it hûs en de ôfreed nei de
ûndergrûnske parkeargaraazje dy't derneist leit, wiene beskiedend foar it
ûntwerp fan de foartún. Beammen, strûken en strewellen jouwe de foartún in
'blêdryk' karakter.
In terras omsletten troch kachelhout
De strakke linen fan de foartún binne loslitten yn de syd- en eftertún. Dy
'slingerje' en wurde begrinzge troch wielderige siergerzen. Yn de eftertún
is, neffens de winsk fan de bewenners, in spesifike bestimming socht foar de
opslach fan it kachelhout. Tusken siergerzen, kleurrike fêste planten en
smelle moerassipressen leit in terras ferskûle, omsletten troch kachelhout.
Noflik mimerplakje
De sichtlinen nei it marke dat derefter leit binne mei sin iepenholden.
Troch de fariearre beplanting op 'e kanten wurdt it wetter yn feite in
ferlingstik fan dizze blomrike tún. De grutte balstien oan de wetterkant is
sa posisjonearre dat men rom sicht hat oer it wetter. Mei it russeljend reid
deromhinne is it in noflik mimerplakje.